Age Hains Boersma nei Veendam

Boersma: fan Hearrenfean nei Veendam
Fuotballer Age Hains Boersma komt takom seizoen út foar Veendam. De 25-jierrige oanfaller wurdt troch Sportklub Hearrenfean foar ien jier ferhierd oan de klub út de Jupiler League.
Age Hains Boersma ferhuze ferline jier simmer fan de amateurs fan Snits nei Hearrenfean, mar dêr koe er net echt trochbrekke. Hy spile dit jier mar ien kear yn it earste team fan de klub, yn it kompetysjeduel tsjin Roda JC.