Liemburg wol bliuwe

Liemburg giet moandei wer oan it wurk
Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel jout gjin belies. Sy sil besykje it betrouwen fan de ried werom te winnen. Ynkoarten sil se oanjaan hoe't se dat dwaan wol. Moandei giet se wer oan it wurk.
Woansdeitejûn waard op in besletten riedsgearkomste op 'e nij fêststeld dat de ferhâldings fersteurd binne. Liemburg fynt dat se neigean moat oft der dochs noch in mooglikheid is om der meiïnoar út te kommen.