Botsing by Seisbierrum
Tongersdeitemiddei binne by Seisbierrum twa auto's op elkoar botst. In 25-jierrige automobilist helle in frachtwein yn. Mar op dat stuit kaam fan de oare kant ek in auto. De 47-jierrige bestjoerster fan dy auto besocht noch út te wiken, mar waard dochs rekke.
Yn de berm kaam de auto ta stilstân. De frou is mei nekklachten oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.