Nijpels trout Aron Winter

Nijpels: foar ien dei amtner fan 'e boargerlike stân
Kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels slút freedtemiddei yn Amsterdam it houlik fan de eardere topfuotballer Aron Winter. Nijpels is dêrfoar spesjaal troch de gemeente Amsterdam beneamd ta bûtengewoan amtner fan de Burgerlijke Stand.
De 40-jierrige Winter kaam yn syn aktive karrière út foar Ajax, Inter Milan en Sparta. Op it stuit is er jeugdtrainer by Ajax.