Oerlis oer rekken Noarderleech

28 jun 2007 - 23:06

In ûnôfhinkelikke tuskenpersoan moat útkomst bringe by it spul oer de rekken fan de grutte rêdingsaksje fan 150 hynders ferline jier yn it Noarderleech. Meiinoar hat dy rêdingsaksje goed 22 tûzen euro koste en de gemeente wol dat eigner Piet Lootsma yn els gefal in part fan dy kosten foar syn rekken nimt. It soe dan gean om 7500 euro.

Lootsma wol net betelje omdat hy gjin opdracht jûn hat foar de operaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)