Aris no 'Aris Friesland'

Woon Aris tenei fierder as Aris Friesland
De basketballers fan Aris komme ek takom seizoen yn 'e earedivyzje út. De Ljouwerters hawwe dy garânsje trochdat se in oerienkomst oangien binne mei trije bedriuwen. De club hjit fan no ôf Aris Friesland.
De nije namme is in kombinaasje fan Korporaasjeholding Friesland, De Friesland Soarchfersekerder en de Ljouwerter Krante. Aris siket noch in nije haadsponsor.