Cambuur presintearret Mboua

28 jun 2007 - 15:35

Cambuur hat tongersdei in opfallende oankeap presentearre. It giet om de Kameroenees Marc Mboua (20). Hy is in fleugeloanfaller dy't al ferskate kearen foar de Kameroeneeske Olympische ploech spile hat. Neffens Cambuur wurdt er yn eigen lân sjoen as in grut talint.

Mboua tekenet yn Ljouwert foar twa jier, mei in opsje op noch in jier. Ferline jier spile er yn Frankryk en dêrfoar yn Egypte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)