Keats-reedriidgebou yn Lollum

28 jun 2007 - 14:09

IIsferiening Sietse de Vries yn Lollum en Keatsferiening Meiinoar Ien yn Waaksens krije goed 2000 euro fan de gemeente Littenseradiel foar in nij ûnderkommen. Wûnseradiel jout 4500 euro. It nije plak kostet 95.000 euro.

Yn de nije akkomodaasje op it sportfjild fan Lollum krije beide sportferienings elk de helte. Beide ferienings sille ferskate aksjes hâlde om de rest fan it jild op it kleed te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)