Aldegea wol treinstasjon

28 jun 2007 - 11:46
Foto: Omrop Fryslân

Aldegea Wymbritseradiel moat wer in treinstasjon krije. Dat wolle doarpsbelang en de rekreaasjeferiening fan it doarp. Begjin juny is in ûndersyk út ein set om te sjen oft in stasjon helber is. Der wurdt ek besjoen oft by it stasjon mear oanlismooglikheden foar boaten komme kinne.

It helberensûndersyk is yn septimber klear. De kosten bedrage 15.000 euro. De provinsje betellet dêr 5.000 fan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)