Hakekruzen yn Snits

28 jun 2007 - 11:23
Foto: Omrop Fryslân

In gebou oan 'e Molenkrite yn Snits is tiisdeitenacht mei hakekruzen bespuite of beferve. De rassistyske tekens stiene op 'e ruten. Fierders wie besocht in kezyn yn 'e brân te stekken. Dat is te sjen oan de skroeiplakken.

Op 'e doar en op 'e luifel fan it gebou binne teksten oer hooligans oanbrocht. In 51-jierrige man út Snits hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)