Lestige Amsterdammers oppakt

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne woansdeitenacht twa Amsterdammers fan 30 en 33 jier oanhâlden foar geweld. By it útsetten fan in kafee yn 'e Doelestege hiene se in meiwurker bedrige en ek noch agressyf dien tsjin omstanners.
Bûtendoar krigen de Amsterdammers spul mei in 34-jierrige Ljouwerter. De man waard skopt en slein. In oare ynwenner fan Ljouwert krige ek noch klappen fan de Amsterdammers. De fertochten sitte noch fêst op it plysjeburo.