Cartesius foarseit banegroei

Direkteur Krozer fan it Cartesius Ynstitút yn Ljouwert
Troch 2 miljoen euro yn nije duorsume projekten te stekken krijt Fryskân der jierliks 3100 nije banen by. Dat sizze ûndersikers fan it Cartesius Ynstitút yn Ljouwert.
It ynstitút hat besteande en nije plannen trochberekkene mei as útkomst in ynvestearingsprogramma. Dat is tongersdei oanbean oan deputearre Andriesen. De duorsumheidsprojekten moatte betelle wurde troch partikulieren en oerheidssubsydzjes.