Dakruten stellen fan bouplak

© Omrop Fryslân
Fan in bouplak oan de Parkstrjitte yn Boalsert binne tiisdeitenacht 25 dakruten en 25 sydstikken stellen. De ruten sieten yn huzen dy't dêr boud wurde.
Fanwege it grutte tal moatte de dieven it guod meinommen hawwe yn in bestelwein of op ion karre, sa tinkt de plysje. In man fan 26 jier út Droegeham hat oanjefte dien fan de stellerij. De plysje ûndersiket de saak.