Earste Amerikaan foar Aris
Basketbalklub Aris hat de earste Amerikaan oanlutsen. Jesse Kimbrough is in 24-jierrige pointguard dy't ferline seizoen útkaam foar de Jacksonville University.
Kimbrough kaam yn syn earste jier ta in gemiddelde fan 14 punten per wedstriid, 4,5 rebounds, 4,4 assits en hy skeat 41% fan syn trijepunters rekke.