Boarnsterhim is blut

© Omrop Fryslân
De gemeente Boarnsterhim hat gjin jild mear. Tiisdei waard bekend dat de gemeente de lêste reserves fan goed 2 miljoen opbrûkt hat om alle tekoarten ôf te dekken. De gemeente is yn de swierrichheden rekke om't in tal grutte projekten te djoer útfallen binne.
De kommende tiid sil besjoen wurde of de belestingen ferhege wurde en of der grutte noch út te fieren projekten skrast wurde.