Mear romte foar de briedfûgels

© Omrop Fryslân
Natuurmonumenten pleitet foar mear romte foar de natuer yn it Waadgebiet. Troch in kombinaasje fan hurde wyn en it tij binne tiisdei de bûtendykse briedgebieten oerstreamd. As der mear briedromte is, wurdt it risiko better spraat.
Natuurmonumenten en oare natuerorganisaasjes wolle dêrom briedgebieten dy't tsjin it natuergeweld kinne. De polityk moat dêr jild foar beskikber stelle.