Den Bakker wint profronde

© Omrop Fryslân
Maarten den Bakker hat woansdei de profronde fan Fryslân wûn. Hy wie de sterkste yn in kopgroep fan 8 man. Den Bakker rydt foar Skil Shimano, de ploech fan ploechlieder Piet Hoekstra.
Lieuwe Westra, Marcel Beima en Eelke van der Wal fytsten ek lang mei foaryn, mar moasten foar de finale ôfheakje. De wedstriid gie oer 200 kilometer, dwers troch Fryslân. It wie foar it earst dat de Profronde fan Fryslân yn dizze opset ferriden waard.