Plannen Raadhuisplein bekend

It sloopwurk foar it nije Raadhuisplein yn Drachten set in jier letter útein as de bedoeling wie. Dat waard woansdei dúdlik by de presintaasje fan de 87 miljoen euro kostjende nijbouplannen.
Yn dat plan giet it om in ienlaachs- parkeargaraazje fan 700 plakken, 165 nije apparteminten en in soad ekstra winkelromte. Ek komt der 45 meter hege wentoer en in grandcafé oan de oare kant fan it plein.