Spul oer kosten hynsterêding

27 jun 2007 - 14:45

De gemeente Ferwerderadiel en boer Piet Lootsma fan Marrum hawwe spul oer de rekken fan de grutte rêdingsaksje fan 150 hynders út it Noarderleech. Dy aksje hat hast 30.000 euro koste.

De gemeente wol dat Lootsma dêrfan 7500 euro betellet, de kosten foar de fersoarging en it rêden fan de hynders. Lootsma wol dat net. As de boer net betellet, oerwaget de gemeente nei de rjochter te stappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)