Griene Taslach foar fytsers

27 jun 2007 - 14:17

Fytsers op Skiermûnseach en Flylân kinne yn de takomst meibetelje oan natuerprojekten. By it hieren fan in fyts wurdt harren nammentlik frêge om in lyts bedrach te beteljen sadat de projekten oanpakt wurde kinne. It giet dan om lytse projekten dy't no noch lizze bliuwe, sa as it plachwurk by de fytspaden.

De saneamde Griene Taslach is earst in proef, as it oanslacht wurdt it mooglik ek op de oare eilannen ynfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)