Slim ferwûne troch ûngelok

© Omrop Fryslân
By in slim ûngelok op de Snitserdyk by Raerd binne woansdeitemoarn in 20- jierrige man út Frjentsjer en in 48-jierrige man út Drylts slim ferwûne rekke.
De man út Drylts ried yn syn auto fanút Snits doe hy yn in flauwe bocht op de fluchtheuvel telâne kaam. Hy kaam dertroch op de ferkearde rydbaan. Dêr klapte er fol op de auto fan de man út Frjentsjer, dy't fan de oare kant kaam.