Rachid El Khalifi nei Cambuur

Rachid El Khalifi yn aksje foar syn âlde wurkjouwer Emmen (foto Bennie Wolbers)
Cambuur hat foar takom seizoen Rachid El Khalifi fan Emmen oanlutsen. De 28-jierrige spiler hat in kontrakt foar twa jier tekene. Mei de komst fan de El Khalifi is de seleksje fan Cambuur sa goed as rûn. El Khalifi is in spiler dy't op it middenfjild en yn de oanfal spylje kin.
Hy spile earder fiif jier foar Dordrecht en de ôfrûne twa jier foar Emmen. Foar dy klubs skoarde hy yn totaal 26 kear.