Wer hynders fêst yn wetter

26 jun 2007 - 23:24

Yn it bûtendyks lân by Ferwert hat tiisdeitejûn opnij in keppel hynders fêststien yn it seewetter. Sechtich hynders en fjirtich pinken stiene oant de búk ta yn it wetter.

Omdat it wetter hurd sakke, seagen plysje en brânwacht gjin oanlieding aksje te ûndernimmen. De bisten steane by de Koaileane by Ferwert in kilometer bûtendyks. De eigner hat mei plysje en de brânwacht nei de bisten ta west. Dy wiene rêstich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)