Gjin auto's mear op plein
Parkeare op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert wurdt hurd oanpakt. Ofrûne snein stiene der hast hûndert auto's op it plein. De bestjoerders lutsen har neat oan fan it parkearferbod dat dêr jildt.
Op snein is de nije parkeargaraazje ûnder it Aldehoustertsjerkhôf ticht. Omdat sneins parkearwachten net wurkje, geane miljeukontroleurs op en paad om foutparkearders te beboetsjen. Sy wurkje wol op snein.