Ek botulisme yn Grouster park

26 jun 2007 - 22:47

Ek yn it Grouster Wilhelminapark geane fûgels dea troch botulisme. Omwenjenden fan it Ljouwerter Rengerspark lieden ferline wike de needklok dat der in soad fûgels stjerre troch de sykte, mar dat de gemeente neat docht.

Krekt as yn Ljouwert soe baggerjen de oplossing wêze, mar is der gjin jild foar. De fersoargers fan it bistepôltsje yn it park begjinne no in ynsammelingsaksje foar it baggerwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)