Help foar boatsjefolk yn slûs

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat set de kommende wiken by 24 slûzen begelieders yn om it skutten foar wettersporters ienfâldiger te meitsjen.
Yn Fryslân steane lâns de slûzen fan Koarnwertersân saneamde stewards klear om advys te jaan, lijntsjes oan te pakken en ynstruksjes fan de slûswachter troch te jaan. Fan 2 july ôf begjinne de saneamde stewards. At de drokste 8 simmerwiken foarby binne, moat it boatsjefolk it sels wer oprêde.