Agint foar Antillianen

26 jun 2007 - 17:30

De plysje Ljouwert set mear minsken yn om problemen mei Antillianen foar te kommen. Der wurdt in spesjale plysjeman oanlutsen om konflikten yn de mienskip oan te pakken. Ek sil de plysje kriminelen besykje persoanlik oan te pakken en te begelieden.

Yn Ljouwert wenje 900 Antillianen. Fan harren binne sechstich krimineel aktyf. Sa wiene der de ôfrûne jierren geregeld sjitterijen, ek yn drokke winkelstrjitten yn de binnenstêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)