Mem en soan ferûngelokke

© Omrop Fryslân
In mem en in soan út Fryslân binne tiisdei om it libben kommen by in ûngelok yn Noard-Hollân. By Middenmeer kaam harren auto frontaal yn botsing mei in frachtauto. De auto fleach yn 'e brân. De soan wie op slach dea, de mem ferstoar letter yn it sikehûs.
De frou is nei alle gedachten de macht oer it stjoer ferlern en troch de berm wer op 'e dyk bedarre. De plysje kin noch net sizze wêr't de mem en de soan weikomme.