Yn july wurk oan spoar

© Omrop Fryslân
Fan 8 oant 17 july wurdt wurke oan it spoar tusken It_Hearrenfean en Ljouwert. De spoarbrêge by Akkrum wurdt ophege fan 1.80 nei 3.50 meter. Salang't it wurk duorret, ride der gjin treinen tusken It_Hearrenfean en Ljouwert. Reizgers wurde mei bussen ferfierd.
Boaten kinne tusken 8 en 20 july de spoarbrêge by Akkrum net passearje. Dêrnei is oant healwei augustus beheinde trochfeart mooglik.