'Tydlik wenjen kontrolearje'

Hylpers benaud foar 'Hylpen as spûkstêd'
In groep Hylpers stapt nei de rjochter as de gemeente Nijefurd noch langer tastiet dat minsken in gewoan hûs as fakânsjehûs brûke. Pleatslik Belang freget de gemeente foar de twadde kear om tydlike bewenning te kontrolearjen.
Tydlike bewenning is net goed foar skoallen en ferieningslibben. Boppedat kinne Hylper jongeren yn eigen stêd hast gjin betelber hûs fine. De gemeente seit dat kontrôle op tydlik wenjen hast net te dwaan is.