Kultuerpriis foar Anne Feddema

26 jun 2007 - 11:53
Anne Feddema

Multy-talentist Anne Feddema hat tiisdei de Margaretha de Heer-priis fan de gemeente Ljouwert krige. Yn it Pier Pandermuseum krige er de priis út hannen fan kultuerwethâlder Yvonne Bleize. De priis, mei dêroan ferbûn in bedrach fan 2500 euro, wurdt ien kear yn 'e fjouwer jier útrikt.

Feddema is skilder, muzikant en dichter. Hy hat in grutte bydrage levere oan de byldzjende keunsten yn de gemeente Ljouwert, fynt de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)