Botsing by brêge Burgum

© Omrop Fryslân
By in botsing by de brêge tusken Sumar en Burgum is moandei in bestjoerder fan in bestelwein ferwûne rekke. It ûngelok barde doe't twa frachtweinen remmen foar stilsteand ferkear foar de brêge. De bestjoerder fan de bestelwein dêrachter seach dat te let en klapte mei syn auto op ien fan 'e stilsteande frachtauto's.
It slachtoffer is mei ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht. De traumahely en de brânwacht wiene der ek noch by.