Ferwûne troch fal fan hynder

© Omrop Fryslân
Oan de Westeinde yn Sint Jabik is moandeitemiddei in 21-jierrige ynwenster fan Snits ferwûne rekke nei't se fan it hynder fallen wie. De frou ried yn in saneamde binnenbak.
It hynder dêr't se op siet, waard kjel fan in fûgel en makke in ûnferwachtse beweging. De frou foel derôf en rekke in houten sket. Se is mei ferwûnings oan 'e heupe en oan 'e foet mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.