Fytster ferwûne yn Ljouwert

26 jun 2007 - 10:52
Foto: Omrop Fryslân

In fytster (22) út Ljouwert is moandei op 'e Troelstrawei yn Ljouwert troch in oanriding ferwûne rekke oan rêch en heupe. Se fytste mei in oar famke (17) op de paralleldyk rjochting Valeriusstrjitte.

In automobilist woe ôfslaan nei de Averkampstrjitte, liet de froulju foargean, mar rekke by it oplûken krekt it achtertsjil fan de 22-jierrige. It slachtoffer foel op 'e motorkap en kaam op de dyk telâne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)