Boatedief op Bonkefeart oppakt

© Omrop Fryslân
Op 'e Bonkefeart is in Ljouwerter (34) oanhâlden foar stellerij fan in boat. De plysje kaam him op it spoar nei't de eigner syn boat lizzen seach yn de jachthaven oan de Lekkumerwei. Op it momint dat de plysje by de jachthaven oankaam, wie de boat fuort.
Nei in syktocht seagen de plysjes de boat op de Bonkefeart. De man flechte noch in fjild yn, mar koe koart dêrnei yn it reid oppakt wurde. In plysjehûn en in boer holpen dêrby.