Fiskstreupers trapearre

25 jun 2007 - 16:50

Op 'e Iselmar binne de ôfrûne wiken ferskate yllegale fisknetten en fûken yn beslach naam. It giet om 66 fûken, 200 meter netten, 300 meter hoekwanten en 24 ielkisten.

It fiskark waard fûn troch it fiskstreuperijteam Iselmar dat sûnt ferline jier aktyf is. Tsjin fiif minsken is prosesferbaal opmakke. Se wurde derfan fertocht belutsen te wêzen by de fiskstreuperij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)