'Ubbo Emmius' mooglik werom

25 jun 2007 - 16:43

De namme Ubbo_Emmius komt mooglik werom. Yn de jierren santich en tachtich hiet de learare-oplieding yn Ljouwert sa, mar dy namme gie ferlern. Der binne no plannen om in selde oplieding yn it East-Fryske Oldenburg nei de Fryske gelearde te neamen.

Ubbo Emmius waard yn 1547 berne yn Greetsyl. Hy is de grûnlizzer fan 'e Grinzer universiteit. As earste beskreau er de skiednis fan 'e Friezen fan Tessel oant de rivier de Wezer ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)