FNP is tsjin hypermarché

25 jun 2007 - 15:53
Foto: Omrop Fryslân

Der moat gjin hypermarché komme op de Werpsterhoeke by Ljouwert. Dat fynt de FNP-ôfdieling Ljouwert. De ried fan Ljouwert praat moandei oer de mooglike festiging fan in grutte supermerk oan de súdlike râne fan Ljouwert. Neffens de Frysk-nasjonalen wiene de ûndernimmers fan Wurdum en de wyk Nijlân net op 'e hichte fan 'e plannen.

Fral Wurdum is benaud dat de komst fan sa'n hypermarché de deastek wurdt foar de lêste doarpswinkel.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)