Earmerkleaze skiep: gjin boete

25 jun 2007 - 14:21

Bioboeren Thom de Groot en Henk Brandsma krije gjin straf fan de rjochter omdat har skiep gjin earmerken ha. Fyftjin jier nei de earste rjochtsaak oer earmerken by kij stiene de boeren no foar de rjochter omdat se skiep ek net 'flappe' wolle.

Foar de kij is in regeling makke foar gewissebeswieren. Al dy tiid ha kontroleurs skiep sûnder earflappen gewurde litten. De rjochter wol no ek sa'n regeling foar skiep.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)