'Volharding Balk moat sloopt'
It eardere feefoerfabryk De_Volharding yn Balk moat hielendal sloopt en opnij opboud wurde. Dat wolle boargemaster en wethâlders fan Gaasterlân-Sleat.
De werynrjochting fan it terrein fan De Volharding is ûnderdiel fan in grutte opknapbeurt fan it sintrum fan Balk. De bedoeling is dat der wenten komme. Utgongspunt is dat it nije gebou deselde ôfmjittings krijt as no it gefal is.