Kres: seehûnen ynintsje
De seehûnekres fan Lenie 't Hart yn Pieterburen begjint dizze wike mei it previntyf ynintsjen fan seehûnen tsjin de saneamde robbepest. Op it Deenske eilân Anholt binne de ôfrûne wike 48 kadavers fan deade seehûnen oanspield.
Neffens Lenie 't Hart duorret it seker trije wiken foardat de robbepest út Denemarken wei de Waadsee berikt. By de lêste útbraak fan de krupsje stoar de helte fan 'e seehûnen yn it Nederlânske Waadgebiet.