Jorwertferkeap begjint sneon

© Omrop Fryslân
De foarferkeap fan it iepenloftspul fan Jorwert begjint sneon. De kaarten kinne kocht wurde op ynternet op de siden jorwert.nl en teletickets.nl. Ek kinne der kaarten kocht wurde by de VVV-kantoaren fan Ljouwert en Snits, Warenhuis Van der Velde yn Wommels en by it doarpskafee fan Jorwert. Yn Jorwert wurdt tusken 30 augustus en 22 septimber tolve kear it tik 'Dûbele Nelson' opfierd. It giet oer finzenen dy't in musical ynstudearje.