Jonge fan 'e fyts slein

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter fan sechstjin jier is sneontemoarn betiid oerfallen doe't er nei in jûntsje stappen yn syn wenplak nei hûs ta fytste. In man sloech him op it Ruterskertier fan syn fyts en frege om guod.
Doe't de jonge him neat joech, krige er noch in klap. De oerfaller pakte doe syn tas, naam syn beurs mei en naaide doe út. De jonge hat syn ferwûnings oan de holle yn it sikehûs hechtsje litten.