Fjochterijen yn Ljouwert

25 jun 2007 - 10:02

De plysje hat dit wykein ferskate kearen yngrypt by fjochterijen yn Ljouwert. It gie benammen om fjochterijen tusken meardere persoanen of groepen yn 'e Doelestege, op it Ruterskertier en op it Saailân.

Op it Ruterskertier rekke in famke ferwûne doe't se yn glês foel. Se moast nei it sikehûs. De plysje hat ek in Stannebuerster (21) oanhâlden. Hy waard sjoen doe't er in jonge skopte. Der is lykwols gjin oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)