Drave foar Afgaanske broerkes

24 mrt 2012 - 16:42

Bern fan de iepenbiere basisskoalle yn Akkrum ha sneon jild ynsammele foar de twa Afgaanske broerkes Samadi. Beide sitte by har op skoalle en wurde mooglik mei har âlden it lân útset. Om jild yn te sammeljen foar in nije proseduere hat in groep âlders in sponsorloop organisearre. Dy moat trijetûzen euro opbringe.

De broerkes Samadi binne 4 en 5 jier âld en berne yn Nederlân. De âlders wenje hjir alve jier en binne útprosedearre. Ein dizze wike moat dúdlik wêze hoefolle jild der ophelle is. Der diene goed 50 bern oan de sponsorloop mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)