Andrea Deelstra fyfde yn Vaasa

24 jun 2007 - 17:23

Hurdrinster Andrea Deelstra fan Athlon-Hearrenfean is by de Europacup wedstriden yn it Finske Vaasa fyfde wurden op de 3000 meter hindernisrin. Deelstra kaam yn in matige tiid fan 10 minuten en 39 sekonden oer de streek.

De 3000 meter hindernisrin waard wûn troch de Ingelske Hattie Dean yn in tiid fan 9 minuten en 42 sekonden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)