Bus yn 'e brân by Surch

Op de kop fan de Ofslútdyk by Surch is sneintemiddei in bus foar in part útbaarnd. De bus fan ferfiersmaatskippij Connexxion kaam fan Harns en stie krekt stil by de halte doe't de sjauffeuse it fjoer ûntduts.
Alle passazjiers wiene doe al útstapt. Der rekke net ien ferwûne. Nei alle gedachten is de brân yn de motor ûntstien. De bus kin wierskynlik net mear reparearre wurde.