Sjampanjedûsj foar Foppe

Trener Foppe de Haan krige sneintemiddei by de huldiging fan Jong Oranje in dûsj fan sjampanje. It wie in grut feest op it Boargemaster Kuperusplein mei 10.000 supporters.
Foppe de Haan wie it middelpunt fan de feestfreugde. Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels en boargemaster Peter de Jonge fan It Hearrenfean, dy't ek oanwêzich wiene, woene De Haan wol in lintsje jaan, mar de trener hat alle Fryske ûnderskiedings al krigen.