Roeiers Tréwes twad op Wolga

24 jun 2007 - 13:22

De roeiers fan roeiferiening Tréwes út Aldeboarn binne twadde wurden yn in ynternasjonale wedstriid op de Wolga. De manlju moasten mei in sloep in goede 160 kilometer ôflizze.

Sneontemoarn lei de ploech noch tredde. Dêrnei moasten se fanwege de hurde wyn fiif oeren oan de kant bliuwe. Dêrfoar hiene se al in drege nacht hân, mei tsjinwyn en hast in botsing mei in grutte oaljetanker. De roeiers binne sneintemoarn huldige.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)