Bekeurings foar alkomobilisten
De plysje hat yn de nacht nei snein alve bestjoerders op de bon slingere, omdat se mei tefolle drank op achter it stjoer sieten.
Yn fjouwer gefallen waard it rydbewiis yn beslach nommen. Dat barde by kontrôles yn ûnder oare Drachten, Ljouwert, Snits en Surhústerfean.